
’70!!’, teater-lietsjesprogramma
17 februari, 2024 @ 20:15 - 22:30
Op dizze dei, 17 febrewaris 2024, wurdt ik 70 jier en dat feit wol ik fansels graach fiere mei myn publyk. En dus binne alle optredens yn dizze nije toer eins allegear jierdeisfeestjes dêr’t jimme te gast wêze kinne. Mar dizze is wol hiel bysûnder, want ik ha dus hjoed myn jierdei!! En hoe giet it meastentiids op jierdeisfeestjes? Der wurde ferhalen ferteld en anekdoates dy’t geandewei de jûn miskien wol hieltyd sterker en út en troch ek wol mankeliker wurde. En dat dan allegear as omlisting fan lietsjes; nije lietsjes, spesjaal foar dit programma skreaun, mar ek bekend en dus wat âlder repertoire, sis mar in soarte fan ‘greatest hits’.