FRISICANA IV – Wanted … Alive!

Piter Wilkens, Marcel Smit en ik binne yntusken úteinset mei de repetysjes fan Frisicana IV – Wanted … Alive’. In nij programma mei wer in moaie miks fan Fryske en Ingelske lietsjes. Foaral ek nij eigen Frysk repertoire en al as net oersette covers fan Americana-artysten dy’t ús ynspirearre ha. Sa binne der diskear lietsjes te hearren fan ûnder oaren Paul Simon, Joe Ely, Bob Dylan, Dolly Parton, Kris Kristofferson of der mar ris in stikmannich te neamen. Allegear artysten dy’t op dit stuit noch libje. Fandêr de subtitel: ‘Wanted …. Alive’. Wy binne fansels wer hiel benijd wat jimme der fan fine. Frisicana IV, giet op sneintemiddei 29 jannewaris 2023 yn premjère yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. In wike earder, op sneintemiddei 22 jannewaris, dogge wy in try-out foar publyk yn de Theaterkerk Nes yn Noardeast Fryslân. En dan komme wy yn de moannen febrewaris, maart en april oeral wol yn de provinsje. Sjoch foar data, tiden, plakken en ynformaasje mar yn de aginda’s op ús websites. De measte teaters, sealen en kommisjes binne al mei de kaartferkeap úteinset.