70!!, it nije teater-lietsjesprogramma

No, eindelik is it dan allegear eins wol sa goed as rûn, der komt in twadde teater-lietsjesprogramma!! Nei ‘TePlak’, dat troch in corona-ûnderbrekking, earst foarich jier dien makke wurde koe, sil ik begjin takom jier mei it programma ’70!!’ op ’n paad. De titel slacht op it feit dat ik yn febrewaris 2024 yndie 70 jier wurdt en dat eins mei myn publyk fiere wol. Jimme binne dan te gast op myn jierdeisfeestjes. It wurdt in jûn (of middei) mei moaie en sterke ferhalen en anekdoates en fansels in protte muzyk. ‘Greatest hits’, foar safier at je dêr yn myn gefal fan sprekke kinne, mar yn alle gefallen dus wol bekend en wat âlder repertoire mar ek in stikmannich gloednije lietsjes. Healwei desimber fan dit jier stean der twa try-outs pland yn Bûtenpost en dan is op saterdei 13 jannewaris de premjère yn de Noordkerkzaal fan it theater Sneek. Dêrnei is ’70!!’ op in protte plakken yn de provinsje te sjen. Data en lokaasjes stean yn de aginda fan dizze site. In protte teaters, sealen en organisaasjes binne al úteinset mei de kaartferkeap fan it nije seizoen dus jimme kinne al kaartsjes reserfeare. Wa wit sjoch ik jimme op myn jierdeisfeestjes yn de teaters.